Piter Wilkens
Piter Wilkens - It paad werom songtekst
Je score:
Do stiest my noch sa by, doarpke út myn tiid der is in soad ferdwûn mar dochs bliuwst sa swiid en wat der net lykop mei myn jeugd ferdwynt der is altyd dy sim dy 't my oan dy bynt Ea woe 'k hjir sa graach wei mei it fluch ferkear mar 'k bliuw no faker thús, tinkend oan alear yn dy sit noch beweech en ik stean hast stil it makket neat mear út wêr 't ik hinne sil Ik reizgje op en del, de ierde oer altyd ûnderweis, nei it aventoer de eachein wol 'k foarby, mar wêr 't ik ek kom de ein fan elke reis is it paad werom Ik learde hjir it keatsen, dat is in trêft ik learde hjir it riden op de Slotsgrêft ik krych myn earste tút yn 'Under 'e Sjuut' myn ferhaal mei dy, myn doarp, is noch lang net út Ik boartsje frij yn 't fjild by de grutte feart ik strún wer fan it Aldlân nei de Sylsleat ik sjoch myn âlde hut efter it fabryk myn flot is wer in boat, it reit myn ryk Ik rûn oer hege bergen yn himelsk snie mar fûn dêr net de terp dêr 't myn widze stie ik besocht de grutste stêden fan de wrâld mar seach dêr net it doarp dêr 't ik fan hâld Ik doarmje mar wat om dyn tsjerketoer en wit al myn gereis, ea is it oer stop my dan yn dyn grûn as ik safier kom nei myn alderlêste reis: it paad werom want de ein fan elke reis is it paad werom De ein fan elke reis is it paad werom