Gurbe Douwstra

Gurbe Douwstra - Cliffs of Moher lyrics

Your rating:
't Wie in mearke gelyk, in ferhaal út in film
Hy stoer en lûd, sy leaf en stil
Mar wol o sa fereale, de ien op de oar
En wêr't sy ek wienen, inkeld each foar elkoar

'k Nim dy mei, 'k nim dy mei, sa sei hy tsjin har
Nei dat lân fan myn dreamen, ik lit dy gjin kar
En ek dû wurdst betsjoene, foardatst it witst
Astû stiest op de high Cliffs of Moher, yn 'e mist

Yn dat lân, dêr't in liet klinkt út elk hûs en kroech
Wêrfan't sjongers en dichters ferhelje
Dêr't it libben faak kalm is, de see altyd rûch
Dêrstû thús bist, al komst ek fan fier

Harren takomst wie makke, sy hienen plannen by't soad
Mei him wol ik libje, mei har wurd ik âld
En op Saint Patricksdei hat in âlde pastoar
Harren troud yn 'e rein, by de high Cliffs of Moher

Yn dat lân, dêr't in liet klinkt út elk hûs en kroech
Wêrfan't sjongers en dichters ferhelje
Dêr't it libben faak kalm is, de see altyd rûch
Dêrstû thús bist, al komst ek fan fier

't Wie in dizige dei, hiel ier yn 'e moarn
Doe't hy sei tsjin syn leafste, kom jou my dyn hân
Want der is wier neat moaiers, dû leaust my grif
Astû aanst mei my giest oan de foet fan it klif

Op dat paad, smel en glysterich, mei de see sa tichtby
Fûn syn foet gjin hâldfest, en in weach naam him mei
Yn dat iiskâlde wetter wie 't dat er stoar
Foar it each fan syn faam, by de high Cliffs of Moher
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: German

Translations: English , Dutch

Appearing on: Mijn Eigen Paad (2005) , Myn Eigen Paad (2005)

Last updated by Anonymous at Monday 17th of August 2009 21:17

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

2 Comments found

Nothing stops you to improve the words.

Frisian-English girl

Monday 28th of June 2010 22:35

This translation is not correct.