De Kast
De Kast - Jongfolk Ha Wille lyrics
Your rating:
Ik rûn op in snein mei myn maat yn 'e rein En wy seinen: wêr sille wy ris hinne Omdat jo sa sneins by ús yn dat gat Wol in kûgel troch it doarp jaaie kinne Dan is it sa saai op 'e klaai, och oerdei falt it mei Dan is elk oan it wurk Mar sneins is der neat te beleven En dan is it leven sa droech as in kurk De toer is sa stomp en noch stommer as stom yn 'e regel dan pak ik myn brommer en brom Nei it iene of oare feest, yn it iene of oare gat Want je moatte úteinliks doch wat En sa gong it ek op dy snein, tsjin myn maat haw ik sein: Is der neat te fersieren? Der wie net in harses op 't doarp sa'k al sei 't Is by ús dan sa dea as de pieren Ik frege ús heit om 'e kaai en wy gongen op wei En wy sochten ús heil It reinde dy dei as de sykte Ik waard op myn brommer sa wiet as in dweil Wy gongen mar wer foar de lol nei in bal En ik switte my dea, want it wie dêr sa fol Earst doe kaam der kabaret, dêrfan hie ik gjin ferlet En doe hongen wy oan it buffet En doe kaam it dûnsjen, mar ja om fuortdaliks Mei in faam op dy flier om te hippen Dat like ús neat en dus bleauden wy stean By de taap om in bierke te wippen En doe, nei in stik of wat glêskes Doe weagen wy beiden úteinliks in skot En doe werom nei de taap Want fan al dat heal wiizjen dan swit je je rot En doe kaam de foxrot-finale al gau En doe setten myn maat en iksels mar wer ôf En doe spile it muzyk, op fersyk fan it publyk Noch ien kear foar dy switterige klyk Noch ien kear foar dy switterige klyk Noch ien kear foar dy switterige klyk