De Kast

De Kast - Jongfolk Ha Wille songtekst

Je score:

Ik rûn op in snein mei myn maat yn 'e rein
En wy seinen: wêr sille wy ris hinne
Omdat jo sa sneins by ús yn dat gat
Wol in kûgel troch it doarp jaaie kinne
Dan is it sa saai op 'e klaai, och oerdei falt it mei
Dan is elk oan it wurk
Mar sneins is der neat te beleven
En dan is it leven sa droech as in kurk
De toer is sa stomp en noch stommer as stom
yn 'e regel dan pak ik myn brommer en brom
Nei it iene of oare feest, yn it iene of oare gat
Want je moatte úteinliks doch wat

En sa gong it ek op dy snein, tsjin myn maat haw ik sein:
Is der neat te fersieren?
Der wie net in harses op 't doarp sa'k al sei
't Is by ús dan sa dea as de pieren
Ik frege ús heit om 'e kaai en wy gongen op wei
En wy sochten ús heil
It reinde dy dei as de sykte
Ik waard op myn brommer sa wiet as in dweil
Wy gongen mar wer foar de lol nei in bal
En ik switte my dea, want it wie dêr sa fol
Earst doe kaam der kabaret, dêrfan hie ik gjin ferlet
En doe hongen wy oan it buffet

En doe kaam it dûnsjen, mar ja om fuortdaliks
Mei in faam op dy flier om te hippen
Dat like ús neat en dus bleauden wy stean
By de taap om in bierke te wippen
En doe, nei in stik of wat glêskes
Doe weagen wy beiden úteinliks in skot
En doe werom nei de taap
Want fan al dat heal wiizjen dan swit je je rot
En doe kaam de foxrot-finale al gau
En doe setten myn maat en iksels mar wer ôf
En doe spile it muzyk, op fersyk fan it publyk
Noch ien kear foar dy switterige klyk
Noch ien kear foar dy switterige klyk
Noch ien kear foar dy switterige klyk
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: ProActs

Details:

Uitgegeven in: 2000

Taal: Nederlands

Vertalingen: Nederlands

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden