Reboelje

Reboelje - swimmer songtekst

Je score:
ynmoedich rin ik mei dy nei de râne fan it lân
it is neare nacht en it wetter is noch swarter
wy klaaie inoander út en ik begraaf dyn klean yn it san
tegearre rinne wy hân yn hân it wetter yn
hân yn hân yn hân yn hân it wetter yn
wy swimme fierder troch de brâning
fan sânbank oant sânbank
fierder fan de râne fan it lân of
en do fregest my
kinsto hjir noch wol stean
kinsto hjir noch wol stean
mar ek ik doar net mear te fielen
hoe djip oft hjir is
en sûnder noch te praten swimme wy fierder
fierder fan de râne fan it lân ôf

en dan fernim ik datsto wurch wurdst
en ik nim dy tsjin my oan
mar do fernimst it hast net mear
ik byt dy yn ‘e hals
en dan knypsto yn myn hân
sa nim ik ôfskie
en foar de lêste kear streakje ik dy troch dyn hier
foar de lêste kear streakje ik dy troch it
dweiltrochwiete hier
en ik swim fierder
rêstiger as krekt swim ik fierder
fan de râne fan it lân ôf
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1994

Taal: Nederlands

Komt voor op: Medusa (1994)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden