Reboelje
Reboelje - swimmer lyrics
Your rating:
ynmoedich rin ik mei dy nei de râne fan it lân it is neare nacht en it wetter is noch swarter wy klaaie inoander út en ik begraaf dyn klean yn it san tegearre rinne wy hân yn hân it wetter yn hân yn hân yn hân yn hân it wetter yn wy swimme fierder troch de brâning fan sânbank oant sânbank fierder fan de râne fan it lân of en do fregest my kinsto hjir noch wol stean kinsto hjir noch wol stean mar ek ik doar net mear te fielen hoe djip oft hjir is en sûnder noch te praten swimme wy fierder fierder fan de râne fan it lân ôf en dan fernim ik datsto wurch wurdst en ik nim dy tsjin my oan mar do fernimst it hast net mear ik byt dy yn ‘e hals en dan knypsto yn myn hân sa nim ik ôfskie en foar de lêste kear streakje ik dy troch dyn hier foar de lêste kear streakje ik dy troch it dweiltrochwiete hier en ik swim fierder rêstiger as krekt swim ik fierder fan de râne fan it lân ôf