Reboelje
Reboelje - simmersliep songtekst
Je score:
Dagenlang al lis ik hjir slûch op bêd ik haw nocht oan nimmen en fan iten ha ‘k gjin ferlet Foar wa noch sil ik d ‘r ôf gean hjoed it hat sa gjin sin De simmer duorret noch lang is dit de ein fan it begjin Kom dêr no wei, do hearst der by Kom gean no mei, do hearst by my Ik hear it net ik kin it net mear ferneare it bonket yn myn holle sa lang al haw ik sliept Mar opnij jou ik my del ik jou my oer oan de simmersliep sa gean’ de dagen it fluchst foarby en komt de oere der hast wer by Kom dêr no wei, do hearst der by Kom gean no mei, do hearst by my Dy deis sil ik ûntweitsje Dy deis sil ik foar jim bestean Dy deis sil ik der wêze Dy deis sil ik de sinne sjen Kom no, kom no, gau by my de simmer is al hast foarby Kom mar, kom mar, gau by my Dy deis sil ik ûntweitsje Dy deis sil ik foar jim bestean Dy deis sil ik der wêze Dy deis sil ik de sinne sjen Dy deis sil ik der wêze Dy deis lit ik jim de sinne sjen