Reboelje

Reboelje - simmersliep lyrics

Your rating:

Dagenlang al lis ik hjir
slûch op bêd
ik haw nocht oan nimmen
en fan iten ha ‘k gjin ferlet
Foar wa noch sil ik d ‘r ôf gean hjoed
it hat sa gjin sin
De simmer duorret noch lang
is dit de ein fan it begjin

Kom dêr no wei, do hearst der by
Kom gean no mei, do hearst by my

Ik hear it net
ik kin it net mear ferneare
it bonket yn myn holle
sa lang al haw ik sliept
Mar opnij jou ik my del
ik jou my oer oan de simmersliep
sa gean’ de dagen it fluchst foarby
en komt de oere der hast wer by

Kom dêr no wei, do hearst der by
Kom gean no mei, do hearst by my

Dy deis sil ik ûntweitsje
Dy deis sil ik foar jim bestean
Dy deis sil ik der wêze
Dy deis sil ik de sinne sjen

Kom no, kom no, gau by my
de simmer is al hast foarby
Kom mar, kom mar, gau by my

Dy deis sil ik ûntweitsje
Dy deis sil ik foar jim bestean
Dy deis sil ik der wêze
Dy deis sil ik de sinne sjen
Dy deis sil ik der wêze
Dy deis lit ik jim de sinne sjen
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista

Details:

Released in: 2000

Language: Dutch

Appearing on: De Oere O (part I) (2000)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found