Reboelje

Reboelje - oarlochstiid songtekst

Je score:
dy fiif jierren doe
it wie net in tiid fan wille en fertier
it wie oarlochstiid
mar foar har gjin djippe delten en fertriet
se wurke hurd, alle dagen lang
fan jûns let oant moarns betiid
al wie har keamer klam, en foel it wurk har swier
se koe ite fan de bonnen dy’t se hie
al duorren de winters lang
se wie wier net ûngelokkich, sa’t it gie

mar doe kaam de dei, dat alles feroarje soe
se seach tanks moarns op ‘e dyk
en wa’t bûten wie, song en dûnse mei
elkenien wie bliid en frij
alle flaggen út, sigaretten, sukela
en de muzyk klonk oeral rûnom
se seach foldiene minsken, dy’t sa mei-inoar
skriemden fan genot
se seach safolle minsken, dy’t no nei-inoar
laken fan genot
en dêr stie se dan, tusken tûzenen
mar sûnder wa dan ek
en dêr stie se dan, tusken tûzenen
mar sûnder wa ek mar

en dy maaiedei wie der net ien dy’t seach
dat se hielendal ûnder gie
se soe it opjaan doe, tusken tûzenen
soe se ûndergean foar altyd
se is hast ferdronken dêr, yn de djippe see
fan de grutte iensumheid
se soe fersûpe dêr, yn de djipste see
fan de grutste iensumens?
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 2000

Taal: Nederlands

Komt voor op: De Oere O (part I) (2000)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden