Reboelje
Reboelje - oarlochstiid lyrics
Your rating:
dy fiif jierren doe it wie net in tiid fan wille en fertier it wie oarlochstiid mar foar har gjin djippe delten en fertriet se wurke hurd, alle dagen lang fan jûns let oant moarns betiid al wie har keamer klam, en foel it wurk har swier se koe ite fan de bonnen dy’t se hie al duorren de winters lang se wie wier net ûngelokkich, sa’t it gie mar doe kaam de dei, dat alles feroarje soe se seach tanks moarns op ‘e dyk en wa’t bûten wie, song en dûnse mei elkenien wie bliid en frij alle flaggen út, sigaretten, sukela en de muzyk klonk oeral rûnom se seach foldiene minsken, dy’t sa mei-inoar skriemden fan genot se seach safolle minsken, dy’t no nei-inoar laken fan genot en dêr stie se dan, tusken tûzenen mar sûnder wa dan ek en dêr stie se dan, tusken tûzenen mar sûnder wa ek mar en dy maaiedei wie der net ien dy’t seach dat se hielendal ûnder gie se soe it opjaan doe, tusken tûzenen soe se ûndergean foar altyd se is hast ferdronken dêr, yn de djippe see fan de grutte iensumheid se soe fersûpe dêr, yn de djipste see fan de grutste iensumens?