Reboelje

Reboelje - nije kleuren, nije bisten songtekst

Je score:

dy jûn dat ik dêr rûn mei dy en ús jonge
yn in oaze sa fol fan lok mei tûzenen kleuren
wy seagen bisten dy’t noch nea ien earder sjoen hie
en it wie my dy sa fertroud dat ik leaude dat ik fan dy hold

fierder, o wat in pracht, sjoch al dy blommen
wy hieltyd hân yn hân en foar ús de jonge
op in plak sa hiel oars as yn ús alledeiske libben
sels de reinbôge hie hjir noch safolle nije kleuren

doe sloech it waar om, de himel bruts iepen
en it reinde sa lang en sa fûl, mar neat koe ús deare
en oan ‘e ein fan de bui wie alles feroare
blommen hongen omleech en de bisten wiene ferdwûn

ik wit net wat der yn dy omgie doe’t ek ik yn de fierte ferdwûn
mar ik seach net mear om en wist dit wie it ferlangst
om mei dy nije kleuren en nije bisten te sjen en te stjerren
om mei dy nije kleuren en nije bisten te sjen en te stjerren
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 2000

Taal: Nederlands

Komt voor op: De Oere O (part I) (2000)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden