Reboelje
Reboelje - nije kleuren, nije bisten lyrics
Your rating:
dy jûn dat ik dêr rûn mei dy en ús jonge yn in oaze sa fol fan lok mei tûzenen kleuren wy seagen bisten dy’t noch nea ien earder sjoen hie en it wie my dy sa fertroud dat ik leaude dat ik fan dy hold fierder, o wat in pracht, sjoch al dy blommen wy hieltyd hân yn hân en foar ús de jonge op in plak sa hiel oars as yn ús alledeiske libben sels de reinbôge hie hjir noch safolle nije kleuren doe sloech it waar om, de himel bruts iepen en it reinde sa lang en sa fûl, mar neat koe ús deare en oan ‘e ein fan de bui wie alles feroare blommen hongen omleech en de bisten wiene ferdwûn ik wit net wat der yn dy omgie doe’t ek ik yn de fierte ferdwûn mar ik seach net mear om en wist dit wie it ferlangst om mei dy nije kleuren en nije bisten te sjen en te stjerren om mei dy nije kleuren en nije bisten te sjen en te stjerren