Reboelje

Reboelje - in nij begjin songtekst

Je score:

it wie al let dy jûn, doe’t wy ‘m stean seagen
it wie sa’n djoere grutte wein
al gau koenen wy ‘m oan ‘e praat krije
dy nacht noch binn’ wy fuortflein
nei in oar lân, foar in nei begjin

wy ha noch sjeks meinaam en in pinpaske
út it hûs fan in freondin
fierders ha wy fan nimmen ôfskie naam
we wienen hastich, en hienen sin
oan in oar lân, en in nij begjin

wy hawwe de muzyk lûd oan, mar we ride net hurd
dat heard net yn sa’n wein
we drinke wetter as wie it wite wyn,
en ynstee fan tsjoch sizze wy no santé
op in oar lân, op in nij begjin
op in oar lân, op in nij begjin

wat hawwe wy no te ferliezen hjir
want in man dy’t ien kear sitten hat
bliuwt yndied – foar altyd in dief!
ek al soe ús libben eindigje
yn ’e goate of yn ‘t gefang
hawar – wy krigen al libbenslang!

mar foar ús komt de sinne op
wy binn’ al hast oer de grins
der is nimmen mear dy’t ús keare kin
op ús reis foar in nij bestean
yn in oar lân, en in nij begjin
yn in oar lân, en in nij begjin
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Marius de Boer

Componist: Marius de Boer

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1996

Taal: Pools

Komt voor op: Merkeman (1996)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden