Reboelje
Reboelje - in nij begjin lyrics
Your rating:
it wie al let dy jûn, doe’t wy ‘m stean seagen it wie sa’n djoere grutte wein al gau koenen wy ‘m oan ‘e praat krije dy nacht noch binn’ wy fuortflein nei in oar lân, foar in nei begjin wy ha noch sjeks meinaam en in pinpaske út it hûs fan in freondin fierders ha wy fan nimmen ôfskie naam we wienen hastich, en hienen sin oan in oar lân, en in nij begjin wy hawwe de muzyk lûd oan, mar we ride net hurd dat heard net yn sa’n wein we drinke wetter as wie it wite wyn, en ynstee fan tsjoch sizze wy no santé op in oar lân, op in nij begjin op in oar lân, op in nij begjin wat hawwe wy no te ferliezen hjir want in man dy’t ien kear sitten hat bliuwt yndied – foar altyd in dief! ek al soe ús libben eindigje yn ’e goate of yn ‘t gefang hawar – wy krigen al libbenslang! mar foar ús komt de sinne op wy binn’ al hast oer de grins der is nimmen mear dy’t ús keare kin op ús reis foar in nij bestean yn in oar lân, en in nij begjin yn in oar lân, en in nij begjin