Reboelje

Reboelje - hein songtekst

Je score:
Hy kaam ek by my
mei syn meagere lea
syn yslike stim sei
dyn tiid hjir is om, it is foarby,
de beurt is oan dy
Ik sei: Hein, ik wit wa sto bist,
en datst mei de dea
net ûnderhandelje kist
In soad hoech ik net, mar ik ha noch ferlet
fan in oerke as twa

Hy sei: jongen, ik wit watsto wolst
manlju binn’ allegear gelyk, dat krijst der nea út
Hy sei jongen, sjenear’ dy mar net,
manlju bin allegear gelyk, dat krijst der nea út
mar hawar, ik haw it oan tiid
do krijst noch in oerke derby
jawis, ik mei dy wol lije
do krijst noch in oere fan my
in oere der by

wy setten fuort ôf
Hein neist my foaryn,
mei syn meagere skonken
hast tsjin it rút oan. Ik sei noch Hein;
dyn stoel kin efterút
Sa kamen wy oan,
by in kast fan in hûs
Hein gie my foar
Ik seach troch de doar, dêr seach ik dy
al wie ‘t fantasij

Hij sei: jongen, ik wit watsto wolst
manlju binn’ allegear gelyk, dat krijst der nea út
Hy sei jongen, sjenear’ dy mar net,
manlju bin allegear gelyk, dat krijst der nea út
mar hawar, ik haw it oan tiid
do krijst noch in oerke derby
jawis, ik mei dy wol lije
do krijst noch in oere fan my
in oere der by
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Marius de Boer

Componist: Tsjerk Bootsma

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 2000

Taal: Afrikaans

Komt voor op: De Oere O (part I) (2000)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden