Reboelje
Reboelje - hein lyrics
Your rating:
Hy kaam ek by my mei syn meagere lea syn yslike stim sei dyn tiid hjir is om, it is foarby, de beurt is oan dy Ik sei: Hein, ik wit wa sto bist, en datst mei de dea net ûnderhandelje kist In soad hoech ik net, mar ik ha noch ferlet fan in oerke as twa Hy sei: jongen, ik wit watsto wolst manlju binn’ allegear gelyk, dat krijst der nea út Hy sei jongen, sjenear’ dy mar net, manlju bin allegear gelyk, dat krijst der nea út mar hawar, ik haw it oan tiid do krijst noch in oerke derby jawis, ik mei dy wol lije do krijst noch in oere fan my in oere der by wy setten fuort ôf Hein neist my foaryn, mei syn meagere skonken hast tsjin it rút oan. Ik sei noch Hein; dyn stoel kin efterút Sa kamen wy oan, by in kast fan in hûs Hein gie my foar Ik seach troch de doar, dêr seach ik dy al wie ‘t fantasij Hij sei: jongen, ik wit watsto wolst manlju binn’ allegear gelyk, dat krijst der nea út Hy sei jongen, sjenear’ dy mar net, manlju bin allegear gelyk, dat krijst der nea út mar hawar, ik haw it oan tiid do krijst noch in oerke derby jawis, ik mei dy wol lije do krijst noch in oere fan my in oere der by