Reboelje
Reboelje - gjin liger songtekst
Je score:
Ik waard ier en betiid al wekker, elkenien lei noch te sliepen en ik koe myn eagen net leauwe, in wite wrâld, in wite wrâld, in wrâld fol snie En ik rûn nei bûten, sûnder jas en op bleate fuotten en ik draafde troch de snie, ik woe wol raze, wekker wurde, wekker wurde wurd dan wekker Mar de farske snie dimde myn stim en der wie net ien dy’t my hearre koe, en doe’t einlings dy oaren ûnder kamen wie de snie al wer fuort en der wie net ien dy’t leauwe woe dat it simmerdeis ek snije kin, en ek al hie ‘k pikefel ik wie in liger, ik wie in liger Mar ik bin gjin liger!