Reboelje

Reboelje - dyn prins songtekst

Je score:
nea hiesto op him wachte
nea hiesto nei him útsjoen
mar ynienen dêr stie er, dêr wie er
dyn prins op syn wite hynder

en noch foar dat er war freegje koe
naamsto him al by de hân
tegearre rûnen jim fierder
nei it nea beloofde lân

fol fan trots koesto oer him beare
fol fan trots joechsto oer him op
dyn prins dy’t dy ferlost hie
troch wa’t libben feroare wie

en it like wol oftsto blyn wiest
sa fol fan leafde en gelok
hy prate mar en lake mar
mar hat dy nea de wierheid sein

elkenien dy’t dy wat better koe
wist woldat it net wier wie
mar der hat nea ien west
dy’t dy wekker makke
út dyn libbenslange dream

en ek hy dy’t al sa lang by dy wie
wie it sels hast fergetten
dat er feitlik net in prins wie
mar krekt as do read bloed hie
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Marista, Marista

Details:

Uitgegeven in: 1994

Taal: Nederlands

Komt voor op: Medusa (1994) , Flecht (1995)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden