Reboelje
Reboelje - dyn prins lyrics
Your rating:
nea hiesto op him wachte nea hiesto nei him útsjoen mar ynienen dêr stie er, dêr wie er dyn prins op syn wite hynder en noch foar dat er war freegje koe naamsto him al by de hân tegearre rûnen jim fierder nei it nea beloofde lân fol fan trots koesto oer him beare fol fan trots joechsto oer him op dyn prins dy’t dy ferlost hie troch wa’t libben feroare wie en it like wol oftsto blyn wiest sa fol fan leafde en gelok hy prate mar en lake mar mar hat dy nea de wierheid sein elkenien dy’t dy wat better koe wist woldat it net wier wie mar der hat nea ien west dy’t dy wekker makke út dyn libbenslange dream en ek hy dy’t al sa lang by dy wie wie it sels hast fergetten dat er feitlik net in prins wie mar krekt as do read bloed hie