Reboelje
Reboelje - de swarte ridder songtekst
Je score:
it wie al let yn in frjemde stêd doe’t ik foar in kafee lâns rûn op strjitte hearde ik wylde muzyk boppe de yngong stie “De swarte ridder” en ik tocht: ik kin noch net, ik wol noch net nei hûs! binnen wie it grótfol, op in bank tsjin ‘e muorre siet in kreas, bleek fanke mei in blom yn it hier hja lake my ta, en skode in eintsje op en frege mei, hoe let at ik it hie en ik sei: ik kin noch net, ik wol noch net nei hûs! hja knikte en sei, ik begryp it wol, bliuw hjir mar, do bist in brave man fermeitsje dy no mei my dizze jûn bliuw hjir mar en tink no mar net oan moarn doe pas fernaam ik hoe wurch oft ik wie en yn har earms foel ik yn ‘e sliep pas doe’t ik wekker waard, kaam se oerein en ik frege: wannear sjoch ik dy wer? hja sei: sykje mar wat, dan fynst mei wol mar ik tocht: ik kin noch net, ik wol noch net nei hûs! mar do hiest it dochs sa swier en do hiest alles al besocht: do fûnst it libben net mear wurdich wêrom twifelst no dan noch?