Reboelje

Reboelje - de swarte ridder lyrics

Your rating:
it wie al let yn in frjemde stêd
doe’t ik foar in kafee lâns rûn
op strjitte hearde ik wylde muzyk 
boppe de yngong stie “De swarte ridder”
en ik tocht: ik kin noch net,
ik wol noch net nei hûs!
binnen wie it grótfol,
op in bank tsjin ‘e muorre
siet in kreas, bleek fanke mei in blom yn it hier
hja lake my ta, en skode in eintsje op
en frege mei, hoe let at ik it hie
en ik sei: ik kin noch net,
ik wol noch net nei hûs!

hja knikte en sei, ik begryp it wol,
bliuw hjir mar, do bist in brave man
fermeitsje dy no mei my dizze jûn
bliuw hjir mar en tink no mar net oan moarn
doe pas fernaam ik hoe wurch oft ik wie
en yn har earms foel ik yn ‘e sliep
pas doe’t ik wekker waard,
kaam se oerein en ik frege:
wannear sjoch ik dy wer?
hja sei: sykje mar wat, dan fynst mei wol
mar ik tocht: ik kin noch net,
ik wol noch net nei hûs!

mar do hiest it dochs sa  swier
en do hiest alles al besocht:
do fûnst it libben net mear wurdich
wêrom twifelst no dan noch?
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Not On Label (Reboelje Self-released)

Details:

Released in: 1990

Language: Dutch

Appearing on: Magysk Teater (1991)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found