Piter Wilkens
Piter Wilkens - wolkomstblues songtekst
Je score:
Sy fleane oeral hinne, it skouke op it dak Mei borgers, Bijke en bearenburch yn'e efterbak Sy betelje it leafst yn Friso's, alles is in sûvenir As it mar net tefolle kosset, nee dan keapje sy wel bier In read ferbaarnde harsens, pompeblêdepet der op En oars wol te herkennen oan it gesûp en it gerop Mei skonken wyt as kryt lâns de Mediterranee Mar moatt'de klompen út no dan sjochtst sy net yn see Sjinezen binne grut yn tal, Egypte is hiel âld Mar Friezen komm'je oeral tsjin, oeral op 'e wrâld Sy fleane oaral hinne, al hiel wat ieuwen lang En binne just om utens sjauvinist mei sang en klang Sy sjonge de "Alde Friezen"oeral, skik noch roai Mar kinne net de titel en fine ien koeplet al moai "It bêste lân fan d'ierde" in in efterôf stik slyk Mar it hâld har wakker dwaande en sy fin' harsels unyk Sy sille harren warre yn é wapens mei Star-Wars De Frisianisaasje : Marsum, moanne, Mars ! Sy binn'goed yn frjemde talen mar ha harren eigen noait goed Sy ha noch nea in kriich wûn, mar sjoch hoe it marsjeard Sakeman, toerist, ûntwikk'lingshelper, sporter, boer It grutte Fryske leger, it fljocht de hiele ierde oer (c) Piter Wilkins