Piter Wilkens

Piter Wilkens - wolkomstblues lyrics

Your rating:

Sy fleane oeral hinne, it skouke op it dak
Mei borgers, Bijke en bearenburch yn'e efterbak
Sy betelje it leafst yn Friso's, alles is in sûvenir
As it mar net tefolle kosset, nee dan keapje sy wel bier

In read ferbaarnde harsens, pompeblêdepet der op
En oars wol te herkennen oan it gesûp en it gerop
Mei skonken wyt as kryt lâns de Mediterranee
Mar moatt'de klompen út no dan sjochtst sy net yn see

Sjinezen binne grut yn tal, Egypte is hiel âld
Mar Friezen komm'je oeral tsjin, oeral op 'e wrâld

Sy fleane oaral hinne, al hiel wat ieuwen lang
En binne just om utens sjauvinist mei sang en klang
Sy sjonge de "Alde Friezen"oeral, skik noch roai
Mar kinne net de titel en fine ien koeplet al moai

"It bêste lân fan d'ierde" in in efterôf stik slyk
Mar it hâld har wakker dwaande en sy fin' harsels unyk
Sy sille harren warre yn é wapens mei Star-Wars
De Frisianisaasje : Marsum, moanne, Mars !

Sy binn'goed yn frjemde talen mar ha harren eigen noait goed
Sy ha noch nea in kriich wûn, mar sjoch hoe it marsjeard
Sakeman, toerist, ûntwikk'lingshelper, sporter, boer
It grutte Fryske leger, it fljocht de hiele ierde oer

(c) Piter Wilkins
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: Dutch

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found