Piter Wilkens
Piter Wilkens - Wintersliep songtekst
Je score:
Leave, wolst mei my de hiele winter sliepe wy jouwe ús del, in moanne as fjouwer, fiif wy dogge foar gjin mins de doarren iepen skûljend yn de waarmte fan elkoanders liif Sa gau't de earste hagelbuien komme en it lân allike wyt wurdt as de skiep dan fiel ik my hieltyd mear ferklomme dan ha ik mar ien doel: de wintersliep by de oare Friezen begjint it bloed te sieden sy mjitte elke dei de dikte fan it iis ik krûp op bêd en sy gean' fuort te riden no sis no sels: wa is hjir no net wiis! Wy hoege de hiele winter nergens hinne ik ha de auto út de belesting dien dat kring wol winterdeis dochs ek net rinne wat dat betreft binne baas en auto dus wol ien bûten friest it krekt as wie it in iistiid yn ús bedstee is it feilich, waarm en stil gjin drokte fan Sinteklaas en Krysttyd en wy sliepe, dus do hoechst net oan de pil De hiele winter gjin drokte oan 'e holle gjin geseur fan: och wat slim, en: och wat sneu! droktemakkers binne der al safolle en wintersliep is folle better foar it miljeu fûgels fleane net om 'e nocht nei waarme lannen kikkerts krûpe net foar neat yn blauwe drek en ik ha och sa'n lêst fan kâlde hannen dus as bearen winters sliepe, wol ik dat ek!