Piter Wilkens

Piter Wilkens - Wintersliep lyrics

Your rating:

Leave, wolst mei my de hiele winter sliepe 
wy jouwe ús del, in moanne as fjouwer, fiif 
wy dogge foar gjin mins de doarren iepen 
skûljend yn de waarmte fan elkoanders liif 

Sa gau't de earste hagelbuien komme 
en it lân allike wyt wurdt as de skiep 
dan fiel ik my hieltyd mear ferklomme 
dan ha ik mar ien doel: de wintersliep 
by de oare Friezen begjint it bloed te sieden 
sy mjitte elke dei de dikte fan it iis 
ik krûp op bêd en sy gean' fuort te riden 
no sis no sels: wa is hjir no net wiis! 

Wy hoege de hiele winter nergens hinne 
ik ha de auto út de belesting dien 
dat kring wol winterdeis dochs ek net rinne 
wat dat betreft binne baas en auto dus wol ien 
bûten friest it krekt as wie it in iistiid 
yn ús bedstee is it feilich, waarm en stil 
gjin drokte fan Sinteklaas en Krysttyd 
en wy sliepe, dus do hoechst net oan de pil 

De hiele winter gjin drokte oan 'e holle 
gjin geseur fan: och wat slim, en: och wat sneu! 
droktemakkers binne der al safolle 
en wintersliep is folle better foar it miljeu 
fûgels fleane net om 'e nocht nei waarme lannen 
kikkerts krûpe net foar neat yn blauwe drek 
en ik ha och sa'n lêst fan kâlde hannen 
dus as bearen winters sliepe, wol ik dat ek!
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: Dutch

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found