Piter Wilkens
Piter Wilkens - Veronica songtekst
Je score:
Veronica, Veronica, wêr is dyn blauwe hoed? dyn leafste is oan ’t sykjen, mar siket er wol goed? dyn leafste liket poater, faaks komt er gau werom mei de dage ... Veronica, Veronica, slaan op dyn parasol dyn freon hat dy ferlitten, hy spile mar in rol do fynst wol wer in oaren, dus gûl der mar net om mei de dage ... Veronica, Veronica, lûk oan dyn moaiste klean der binne sa’n soad manlju dy’t op dy te wachtsjen stean in oar bêd liket waarmer, foar elke jonge blom mei de dage ... Mar twivelsto Veronica, by ’t lemieren fan de dei en krijsto der dochs spyt fan, sit der net langer mei pak op de tillefoan en meitsje ’t hûs wer rom mei de dage ... Veronica, Veronica, los mei dat lange hier want asto him mar sjochst dan wurdsto al wer blier krûp yn syn sterke earmen en meal der net mear om mei de dage ...