Piter Wilkens

Piter Wilkens - Veronica lyrics

Your rating:

Veronica, Veronica, wêr is dyn blauwe hoed?
dyn leafste is oan ’t sykjen, mar siket er wol goed?
dyn leafste liket poater, faaks komt er gau werom
mei de dage ...

Veronica, Veronica, slaan op dyn parasol
dyn freon hat dy ferlitten, hy spile mar in rol
do fynst wol wer in oaren, dus gûl der mar net om
mei de dage ...

Veronica, Veronica, lûk oan dyn moaiste klean
der binne sa’n soad manlju dy’t op dy te wachtsjen stean
in oar bêd liket waarmer, foar elke jonge blom
mei de dage ...

Mar twivelsto Veronica, by ’t lemieren fan de dei
en krijsto der dochs spyt fan, sit der net langer mei
pak op de tillefoan en meitsje ’t hûs wer rom
mei de dage ...

Veronica, Veronica, los mei dat lange hier
want asto him mar sjochst dan wurdsto al wer blier
krûp yn syn sterke earmen en meal der net mear om
mei de dage ...
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Cornelis Vreeswijk

Composer: ?

Publisher: SKIIF

Details:

Released in: 2006

Language: Dutch

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found