Piter Wilkens

Piter Wilkens - Skûlje songtekst

Je score:

As de sinne skynt, de loft helder en blau is 
it is waarm en de mosk falt fan it dak 
as alles troch dyn eagen griis en grau is 
bist wol thús, mar net teplak 

As de wrâld yn brân stiet en do tinkst wat soe it 
it is dy allegear om it even 
de wrâld brânt en it is dy sa wol goed 
drok dwaande mei dyn eigen leven 

En natuerlik, it is ien grutte binde 
Jawis, it leit altyd oan in oar 
en natuerlik, allegear ellinde 
en it komt noait mear foar elkoar 

Kom dan by my lizzen yn myn waarme nêst 
krûp tsjin my oan, hâld my fêst 
in feilich plakje om te skûljen 
ferjit de rêst 

In protte freonen, mar ferlitten 
de stêd te grut, te fol foar dy 
te faak goedkeape wyn om te ferjitten 
do rinst dyn eigen wize wei 

Draaist hieltyd wer dyn âlde platen 
al snijt it liet dwers troch dyn siel 
steeds faker yn dysels te praten 
dy goede tiid fan swart finyl 

En natuerlik wie it froeger better 
Jawis, it leit altyd oan in oar 
natuerlik tinksto net oan letter 
want it komt noait mear foar elkoar 

As ik dy wie soe ik mar by my bliuwe 
as ik dy wie bleau ik mar by my 
foar ien nacht iensumheid ferdriuwe 
hâld dy fêst en lit dy frij 

Natuerlik is it net foar ivich 
Jawis, wy litte elkoar wer frij 
natuerlik, do wolst dy net bine 
ien nacht is ek genôch foar dy 
ien nacht is ek genôch foar my
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: ?

Details:

Taal: Noors

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden