Piter Wilkens
Piter Wilkens - Skûlje lyrics
Your rating:
As de sinne skynt, de loft helder en blau is it is waarm en de mosk falt fan it dak as alles troch dyn eagen griis en grau is bist wol thús, mar net teplak As de wrâld yn brân stiet en do tinkst wat soe it it is dy allegear om it even de wrâld brânt en it is dy sa wol goed drok dwaande mei dyn eigen leven En natuerlik, it is ien grutte binde Jawis, it leit altyd oan in oar en natuerlik, allegear ellinde en it komt noait mear foar elkoar Kom dan by my lizzen yn myn waarme nêst krûp tsjin my oan, hâld my fêst in feilich plakje om te skûljen ferjit de rêst In protte freonen, mar ferlitten de stêd te grut, te fol foar dy te faak goedkeape wyn om te ferjitten do rinst dyn eigen wize wei Draaist hieltyd wer dyn âlde platen al snijt it liet dwers troch dyn siel steeds faker yn dysels te praten dy goede tiid fan swart finyl En natuerlik wie it froeger better Jawis, it leit altyd oan in oar natuerlik tinksto net oan letter want it komt noait mear foar elkoar As ik dy wie soe ik mar by my bliuwe as ik dy wie bleau ik mar by my foar ien nacht iensumheid ferdriuwe hâld dy fêst en lit dy frij Natuerlik is it net foar ivich Jawis, wy litte elkoar wer frij natuerlik, do wolst dy net bine ien nacht is ek genôch foar dy ien nacht is ek genôch foar my