Piter Wilkens
Piter Wilkens - Sa gewoan songtekst
Je score:
Hy is sa goed, nee, hy is better en ja, hy komt faak ek wat letter as de rest ik wit jo moatte net oerdriuwe mar ik wol der wol by bliuwe, hy is de bêste En hy hat der ek gjin wurk fan fergelykje dat mei my dan bin ik slûch hy is fluch en hiel direkt en dochs komt it him wol krekt, hy is net sa rûch Mar wat ik sa bysûnder fyn sûnder gedonder, sûnder skyn hy is sa suver en hy is sa ûnbedoarn ik snap net hoe't er it hat stjerrend wier, it is apart want hy bliuwt sa, net te leauwen, sa gewoan It is net normaal mear, sa gewoan troch heit en mem fêst nea bedoarn o sa beskieden en hy praat mei alle minsken sawat net moai mear, sa gewoan en ek sa suver noch fan toan mei nocht foldocht er altyd wer oan alle winsken Hy hat ek eartiids alles kind it is in algemien talint, fenominaal stiet foar de oaren altyd klear is ek in hear yn it petear en sa sosjaal Miskien sjit ik wol wat tekoart ik wit wier net hoe't er it hat ik jou ta, ik wol him leaver mije want ik fyn him yrritant fierste gewoan doocht fan gjin kant út 'e ploai, dat is moai, dat mei ik lije Ik spylje it aldermoaist gitaar ik pluk ek mannich teare snaar, dat is bysûnder ik sjong it alderheechste liet en ek al sjong ik noch sa swiet, it bliuwt in wûnder Mar wy ha ús part wol leard swetse en sweare is ferkeard wy binne op alle fronten suver ûnbedoarn al liket it hiel wat it is net mear as dit of dat en wy bliuwe, sa net te leauwen, sa gewoan