Piter Wilkens
Piter Wilkens - Mei pake yn duet songtekst
Je score:
Ik krige op myn jierdei fan pake in gitaar hy tocht da ’k muzikaal wie dus ’t wie in moai gebaar mar at ik ris wat spile dan waard it in duet want pake die fuort mei op syn es- kornet As pake siet te toeterjen dan trille hiel de keet en hie ús muoike in feintsje dan die er ’t ekstra need want wa ’t it ek mar wie hy wie pake noait nei ’t sin sa bleau ús muoi âld-frijster elke feint gie op ’e rin Us heit dy mocht soms meidwaan en spile dan hamboai dan makken wy in ferske en man wat wie dat moai mei inkeld in pear toanen koene wy wol ta sis minsken hear ris efkes it gie sa’n bytsje sa: Wy toeteren en bliezen mei wille en mei nocht en mar switte en mar flybje ja, alles wiet fan ’t focht mar pake murk der neat fan rekke hyltyd mear op ’t skik it fet rûn him it ear út op it ritme fan it stik Us pake, syn spyljen koe net sûnder gebonk sa ’t hy it ritme oanjoech mei syn houten skonk dan wie er net te hâlden en rekke yn in trance hy stampte fûl as wie er in drilboar yn kadâns Hee pake do bliuwst myn muzikale held de wille dy ’t wy hienen dat is in ding dat telt ik sil it nea ferjitte dy moaie âlde tiid en sjong noch faak yn tinzen stikem pakes liet