Piter Wilkens

Piter Wilkens - Mei pake yn duet lyrics

Your rating:
Ik krige op myn jierdei
fan pake in gitaar
hy tocht da ’k muzikaal wie
dus ’t wie in moai gebaar
mar at ik ris wat spile
dan waard it in duet
want pake die fuort mei
op syn es- kornet

As pake siet te toeterjen
dan trille hiel de keet
en hie ús muoike in feintsje
dan die er ’t ekstra need
want wa ’t it ek mar wie
hy wie pake noait nei ’t sin
sa bleau ús muoi âld-frijster
elke feint gie op ’e rin

Us heit dy mocht soms meidwaan
en spile dan hamboai
dan makken wy in ferske
en man wat wie dat moai
mei inkeld in pear toanen
koene wy wol ta
sis minsken hear ris efkes
it gie sa’n bytsje sa:

Wy toeteren en bliezen
mei wille en mei nocht
en mar switte en mar flybje
ja, alles wiet fan ’t focht
mar pake murk der neat fan
rekke hyltyd mear op ’t skik
it fet rûn him it ear út
op it ritme fan it stik 

Us pake, syn spyljen
koe net sûnder gebonk
sa ’t hy it ritme oanjoech
mei syn houten skonk
dan wie er net te hâlden
en rekke yn in trance
hy stampte fûl as wie er
in drilboar yn kadâns

Hee pake do bliuwst myn
muzikale held
de wille dy ’t wy hienen
dat is in ding dat telt
ik sil it nea ferjitte
dy moaie âlde tiid
en sjong noch faak yn tinzen
stikem pakes liet
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Cornelis Vreeswijk

Composer: ?

Publisher: SKIIF

Details:

Released in: 2006

Language: Afrikaans

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found