Piter Wilkens

Piter Wilkens - greideroas songtekst

Je score:

Blau is de himel bern, dizich de moarn
Blommen ûntweitsje, heech stiet it koarn
Wy bliuwe altyd grien, grien as it gers
Do sjongst fol fleur en sin dyn heit syn fers

Foar ivich en altyd grien, grien as it kroas
Sa grien is de leafde, myn greideroas,

Hjir yn ús greidelân

Sy meitsje har earm en droech, mei stien en mei stiel
Sy grave har terpen ôf, sy dolle djip yn har siel
De eachein feroaret hurd, mar sy bliuwt nûmer ien
Nearne in lân sa wiid, nearne sa grien

As de rook fan de maitiid bern, as in skrieske gelyk
Sa sil it bliuwe, myn wjukkelpyk

As aanst myn tiid komt bern, treurje net lang om my
Ik sil dy ea wer sjen, bliuw altyd ticht by
Myn jiske fertwirre hjir, sit yn elts ljippenêst
Ien mei it fjild, yn ivige rêst

Sa grien as it gers hjir is, sa grien as it kroas,
Bliuw sa oan my tinken, myn greideroas

(c) Piter Wilkins
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 2000

Taal: Nederlands

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden