Piter Wilkens
Piter Wilkens - greideroas lyrics
Your rating:
Blau is de himel bern, dizich de moarn Blommen ûntweitsje, heech stiet it koarn Wy bliuwe altyd grien, grien as it gers Do sjongst fol fleur en sin dyn heit syn fers Foar ivich en altyd grien, grien as it kroas Sa grien is de leafde, myn greideroas, Hjir yn ús greidelân Sy meitsje har earm en droech, mei stien en mei stiel Sy grave har terpen ôf, sy dolle djip yn har siel De eachein feroaret hurd, mar sy bliuwt nûmer ien Nearne in lân sa wiid, nearne sa grien As de rook fan de maitiid bern, as in skrieske gelyk Sa sil it bliuwe, myn wjukkelpyk As aanst myn tiid komt bern, treurje net lang om my Ik sil dy ea wer sjen, bliuw altyd ticht by Myn jiske fertwirre hjir, sit yn elts ljippenêst Ien mei it fjild, yn ivige rêst Sa grien as it gers hjir is, sa grien as it kroas, Bliuw sa oan my tinken, myn greideroas (c) Piter Wilkins