Piter Wilkens
Piter Wilkens - Boatsman Charlie Donovan songtekst
Je score:
Kom freonen, kom en harkje ik jou jim goede rie mei ’t liet oer Charlie Donovan dy’t ea myn boatsman wie ’t ropt fier, me boys – hear en huver! it is stjerrende wier! Syn mem wie Yndiaanske en syn heit in diplomaat hy fûn himsels in echte wees en hy wie myn kammeraat Op alle oseanen wie er op it snjit en hy hie Charlie Chaplin tatoeëarre op syn lid Kloften moaie froulju fynst op de Place Pigalle Donovan waard net oars as oars mar ik, ik waard oeral You bloody fool, sei Donovan aanst is it om ’e nocht hâld dyn bek no efkes ticht en sjoch hoe ’t in man dat docht Wy krúsken oer de Place Pigalle it wie in prachtich plan want ynienen rôp in tsjep jong faam: dêr ha je Donovan! De froulju kamen op ús ta út de huzen fan plezier sy fregen ús leaf mei te gean foar in slok en wat fertier Wy sieten lúks yn in salon en dronken dûbelop de froulju wienen wei fan ús streaken Charlie ’s keale kop Wy libben dêr godsliderlik en it gie der mâl om wei it skip fear fierder sûnder ús mar dêr sieten wy net mei Twa dagen en fiif wiken wie it feeste oan ien trie omdat ús Charlie Donovan sa moai tatoeëare wie Sis it tsjin elkenien, me boys: hy dy’t fergees wat wol sil earst om in tatoeëarder en hat syn hannen der oan fol dit ferhaal is stjerrende wier!