Piter Wilkens
Piter Wilkens - Beppe songtekst
Je score:
Us beppe is in kreaze, tsjeppe, sûne frou in echte hertebrekker, mar sy bliuwt pake silger trou sy wol my altyd mei ha, op fakânsje nei't bûtenlân mar ik bin it stadichoan sêd, ik ha genôch blessueres hân Skyë, berchbeklimme, mei in tintsje geandefoet ik freegje my soms ôf beppe, binne we wol fan 't selde bloed want ik bin wis en siker net sa'n oprjochte Fries ik ha dochs och sa'n hekel oan kjeld, wetter, wyn en iis Simmerdeis giet sy te silen, it leafst mei hurde wyn ek tonger, stoarm en swierwaar, dêr sit sy net oer yn sy stekt sa sûnder soargen, it waad oer of de iselmar ja de alder grutste silers, no dy ha respekt foar har En sy wol it my ek leare, dit is wat sy altyd seit: "Ik sil in Stânfries fan dy meitsje, lykas jim pake en jim heit" no ik bin wis en siker net sa'n oprjochte Fries want man, wat ha'k in hekel oan kjeld, wetter, wyn en iis O, beppe, beppe, beppe, foar jo sjong ik dit liet jo ha noch sa'n karakter, jo sitte sa fol striid beppe, beppe, beppe, wie ik mar as jo dan wie ik in echte keardel, ja folle mear mânsk as no As it winter wurdt yn Fryslân is sy der al lang op klear in aerodynamysk pak, in racebril en sa mear de Alvestêdetocht dêr fynt sy neat mear oan sy docht wol altyd mei mar it wurdt op't lêst ek sa gewoan En komt it earste laachje iis noch net sa botte gau dan traint sy op har skeelers, fan Helsinki oant Grou nee, ik bin leaver net sa'n oprjochte Fries ik ha in ferrekte hekel oan kjeld, wetter, wyn en iis