Piter Wilkens

Piter Wilkens - Beppe lyrics

Your rating:

Us beppe is in kreaze, tsjeppe, sûne frou 
in echte hertebrekker, mar sy bliuwt pake silger trou 
sy wol my altyd mei ha, op fakânsje nei't bûtenlân 
mar ik bin it stadichoan sêd, ik ha genôch blessueres hân 

Skyë, berchbeklimme, mei in tintsje geandefoet 
ik freegje my soms ôf beppe, binne we wol fan 't selde bloed 
want ik bin wis en siker net sa'n oprjochte Fries 
ik ha dochs och sa'n hekel oan kjeld, wetter, wyn en iis 

Simmerdeis giet sy te silen, it leafst mei hurde wyn 
ek tonger, stoarm en swierwaar, dêr sit sy net oer yn 
sy stekt sa sûnder soargen, it waad oer of de iselmar 
ja de alder grutste silers, no dy ha respekt foar har 

En sy wol it my ek leare, dit is wat sy altyd seit: 
"Ik sil in Stânfries fan dy meitsje, lykas jim pake en jim heit" 
no ik bin wis en siker net sa'n oprjochte Fries 
want man, wat ha'k in hekel oan kjeld, wetter, wyn en iis 

O, beppe, beppe, beppe, foar jo sjong ik dit liet 
jo ha noch sa'n karakter, jo sitte sa fol striid 
beppe, beppe, beppe, wie ik mar as jo 
dan wie ik in echte keardel, ja folle mear mânsk as no 

As it winter wurdt yn Fryslân is sy der al lang op klear 
in aerodynamysk pak, in racebril en sa mear 
de Alvestêdetocht dêr fynt sy neat mear oan 
sy docht wol altyd mei mar it wurdt op't lêst ek sa gewoan 

En komt it earste laachje iis noch net sa botte gau 
dan traint sy op har skeelers, fan Helsinki oant Grou 
nee, ik bin leaver net sa'n oprjochte Fries 
ik ha in ferrekte hekel oan kjeld, wetter, wyn en iis
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: SKIIF

Details:

Released in: 2005

Language: Portuguese

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found