Jan Tekstra
Jan Tekstra - de tsjoender fan it wurd songtekst
Je score:
Ik stean yn’ t middelpunt fan wat er ek mar is Hja hingje my oan de lippen by alles wat ik siz Hast by alles wat ik siz Op elke dreege fraach haw ik in snedich antwurd klear Ik ha it allerheechste wurd by elk petear Hast by elk petear Ik betink altyd in nij begjin oan ieder ein As ik praat is elkenien my stommens slein Want ik, ik bin de tsjoender fan it wurd Mar oan dy gean myn wurden foarby want do hast gjin boadskip oan my my giesto foarby want do hast gjin earen foar my, nee gjin earen foar my Ik praat fan in nij begjin mar do neamst dat it ein Ik siz tsjin dy dêr is it lêste wurd noch net oer sein It lêste wurd noch net oer sein Mar op it stuit is elk wurd foar my te grut Want dyn wierheid is my te hurd Sels al bin ik dan, de tsjoender fan it wurd Mar oan dy gean myn wurden foarby want do hast gjin boadskip oan my my giesto foarby want do hast gjin earen foar my, nee gjin earen foar my Ik wol ek wol swije as dy dat leaver is As ik dêrmei sizze kin wat ik foar dy fiel dan bliuw ik foar altyd, foar altyd stil