Jan Tekstra

Jan Tekstra - de tsjoender fan it wurd lyrics

Your rating:

Ik stean yn’ t middelpunt fan wat er ek mar is
Hja hingje my oan de lippen by alles wat ik siz
Hast by alles wat ik siz

Op elke dreege fraach haw ik in snedich antwurd klear
Ik ha it allerheechste wurd by elk petear
Hast by elk petear

Ik betink altyd in nij begjin oan ieder ein
As ik praat is elkenien my stommens slein
Want ik, ik bin de tsjoender fan it wurd

Mar oan dy gean myn wurden foarby
want do hast gjin boadskip oan my
my giesto foarby
want do hast gjin earen foar my, nee
gjin earen foar my

Ik praat fan in nij begjin mar do neamst dat it ein
Ik siz tsjin dy dêr is it lêste wurd noch net oer sein
It lêste wurd noch net oer sein

Mar op it stuit is elk wurd foar my te grut
Want dyn wierheid is my te hurd
Sels al bin ik dan, de tsjoender fan it wurd

Mar oan dy gean myn wurden foarby
want do hast gjin boadskip oan my
my giesto foarby
want do hast gjin earen foar my, nee
gjin earen foar my

Ik wol ek wol swije
as dy dat leaver is
As ik dêrmei sizze kin
wat ik foar dy fiel
dan bliuw ik foar altyd, foar altyd stil
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista music company

Details:

Released in: 2002

Language: Afrikaans

Appearing on: Keale Ferskes (2002)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found