Jaap Louwes
Jaap Louwes - Ljochtblauwe reinjas (Leonard Cohen cover) songtekst
Je score:
’t Is fjouwer oere moans Oan de ein fan desimber Ik skriuw dy in brief Om ris eefkes te hearren De stêd hjir is kâld Mar ’t is goed hjir te libjen Mei ljochtsjes, muzyk Kinst hjir suver net dea gean Ik hearde datsto boud hast In hûs foar dysels Djip yn de Wâlden Sa fier fuort fan dyn hel Dêr kinst it gelok dan wer by dy hâlde En myn faam kaam thús mei in lok fan dyn hier Do hiest it ôfgryslike swier Dy nacht datst derút wêze woest Foardat it út wêze koe Oh, dy moeting, dy leste Doe skrokken wy suver Dyn ljochtblauwe reinjas Dy kleure sa nuver Do kaamst by ’t stasjon wei Do skôgest de trein In perron fol mei minsken Mar alwer sûnder dyn Lili Marleen En do lietst har, myn leafste, dyn leafde wer sjen En werom by my thûs, doe hie ik har ferlern En do swaaidest noch ien kear gedach tsjin dyn roas Tsjin dyn ôftbrutsen roas Yn myn bêd keart sy om En se swaait noch werom En wat no noch skriuwe, ha wurden och lading Wat wol ik hjir no noch oer kwyt Miskien dat ik ferjaan kin, miskien dy ferslaan kin Of hat gjinien fan allen spyt Asto ea by ús del komst Foar myn faam of foar my Dan sil de oergeunst net bite En syn proai, dy is frij Dus, tank foar it libben datsto by har brochtst In libben dat ik net koe Mar ik hie ek net goed socht En myn faam kaam thús mei in lok fan dyn hier Do hiest it ôfgryslike swier Dy nacht datst derút wêze woest Mei groetnis, dyn freon