Jaap Louwes

Jaap Louwes - Ljochtblauwe reinjas (Leonard Cohen cover) lyrics

Your rating:

’t Is fjouwer oere moans
Oan de ein fan desimber
Ik skriuw dy in brief
Om ris eefkes te hearren
De stêd hjir is kâld
Mar ’t is goed hjir te libjen
Mei ljochtsjes, muzyk
Kinst hjir suver net dea gean

Ik hearde datsto boud hast
In hûs foar dysels
Djip yn de Wâlden
Sa fier fuort fan dyn hel
Dêr kinst it gelok dan wer by dy hâlde

En myn faam kaam thús mei in lok fan dyn hier
Do hiest it ôfgryslike swier
Dy nacht datst derút wêze woest
Foardat it út wêze koe

Oh, dy moeting, dy leste
Doe skrokken wy suver
Dyn ljochtblauwe reinjas
Dy kleure sa nuver
Do kaamst by ’t stasjon wei
Do skôgest de trein
In perron fol mei minsken
Mar alwer sûnder dyn Lili Marleen

En do lietst har, myn leafste, 
dyn leafde wer sjen
En werom by my thûs, doe hie ik har ferlern
En do swaaidest noch ien kear gedach tsjin dyn roas 
Tsjin dyn ôftbrutsen roas
Yn myn bêd keart sy om
En se swaait noch werom
En wat no noch skriuwe, ha wurden och lading
Wat wol ik hjir no noch oer kwyt
Miskien dat ik ferjaan kin, miskien dy ferslaan kin
Of hat gjinien fan allen spyt

Asto ea by ús del komst
Foar myn faam of foar my
Dan sil de oergeunst net bite
En syn proai, dy is frij

Dus, tank foar it libben datsto by har brochtst
In libben dat ik net koe
Mar ik hie ek net goed socht

En myn faam kaam thús mei in lok fan dyn hier
Do hiest it ôfgryslike swier
Dy nacht datst derút wêze woest

Mei groetnis,
dyn freon
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: English

Translations: Dutch

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found