De Kast
De Kast - As ik dy sjoch songtekst
Je score:
Ik slút my op tusken kâlde muorren Ik sit fêst tusken stiel en stien 'k Sit ferweve yn fêste patroanen Sadat ik net tefolle fiel Ynblikt, stap foar stap ûnderweis werom Dêr wêr't it griis feroaret yn grien Ferlerne tiid yn in rige tusken stêd en lân Ik ha er fierstente min dien Mar as ik dy sjoch, dan streakest myn eagen As ik by dy bin, fiel ik my frij As ik dyn stim hear, dan skerpje 'k myn earen Yn alles rekkest my Opslokt troch de sleur fan it moatten 'k Stoarje my blyn op wat der net ta docht Ik fiel soms net ienris dat it hert yn my kloppet Of dat it bloed noch troch de dei 'k Besykje de wizer in slinger te jaan Wannear kin ik hjir wei Mar as ik dy sjoch, dan streakest myn eagen As ik by dy bin, fiel ik my frij As ik dyn stim hear, dan skerpje 'k myn earen Yn alles rekkest my Mar as ik dy sjoch, dan streakest myn eagen As ik by dy bin, fiel ik my frij As ik dyn stim hear, dan skerpje 'k myn earen Yn alles rekkest my Want as ik dy sjoch As by dy bin Ooh as ik dyn stim hear Do bist dejinge dy't my bliid meitsje kin Skerp'st my op as ik mysels net mear bin As ik dy sjoch, dan ha ik fuort in goed sin, fuort in goed sin, fuort in goed sin Mar as ik dy sjoch, dan streakset myn eagen As ik by dy bin, fiel ik my frij As ik dyn stim hear, dan skerpje 'k myn earen Yn alles rekkest my