De Kast

De Kast - As ik dy sjoch lyrics

Your rating:

Ik slút my op tusken kâlde muorren
Ik sit fêst tusken stiel en stien
'k Sit ferweve yn fêste patroanen
Sadat ik net tefolle fiel
Ynblikt, stap foar stap ûnderweis werom
Dêr wêr't it griis feroaret yn grien
Ferlerne tiid yn in rige tusken stêd en lân
Ik ha er fierstente min dien

Mar as ik dy sjoch, dan streakest myn eagen
As ik by dy bin, fiel ik my frij
As ik dyn stim hear, dan skerpje 'k myn earen
Yn alles rekkest my

Opslokt troch de sleur fan it moatten
'k Stoarje my blyn op wat der net ta docht
Ik fiel soms net ienris dat it hert yn my kloppet
Of dat it bloed noch troch de dei
'k Besykje de wizer in slinger te jaan
Wannear kin ik hjir wei

Mar as ik dy sjoch, dan streakest myn eagen
As ik by dy bin, fiel ik my frij
As ik dyn stim hear, dan skerpje 'k myn earen
Yn alles rekkest my
Mar as ik dy sjoch, dan streakest myn eagen
As ik by dy bin, fiel ik my frij
As ik dyn stim hear, dan skerpje 'k myn earen
Yn alles rekkest my

Want as ik dy sjoch
As by dy bin
Ooh as ik dyn stim hear

Do bist dejinge dy't my bliid meitsje kin
Skerp'st my op as ik mysels net mear bin
As ik dy sjoch, dan ha ik fuort in goed sin, fuort in goed sin, fuort in goed sin

Mar as ik dy sjoch, dan streakset myn eagen
As ik by dy bin, fiel ik my frij
As ik dyn stim hear, dan skerpje 'k myn earen
Yn alles rekkest my
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: Western Frisian

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found