Reboelje
Reboelje - sielesiik songtekst
Je score:
eltse nacht foar it sliepen gean sjocht er mei wroeging oer syn skouder yn ‘e spegel, dy ‘t neist him stiet in wolf, in wolf yn minskeklean, dy ‘t hongerich is, en bang en dy ‘t beesteftich syn bêst docht yn syn minskerol mar hy bliuwt in wolf, in wolf yn minskeklean! hy hat frijd mei moaie froulju hy hat boeken skreaun, rymsels makke, hy hat reizge en wille hân en hy is troud west mei in frou út tûzenen like sielesiik like sielesiik as him mar dat is lang lyn en as hy hjoed-de-dei yn ‘e spegel sjocht, dan jout er himsels noch in jier dan jout er himsels noch in jier of twa miskien it is him wol dierber, want hy bliuwt in wolf, in wolf yn minskeklean