Reboelje
Reboelje - it tongert net mear songtekst
Je score:
yn in middelgrut doard hjir hiel fier fanôf dêr wenne in widdofrou se hie in kast fan in hûs mei wol tûzen keamers en trije fammensbern en yn dy nacht doe’t it o sa tongere kamen se ien foar ien nei ûnderen se dronken molke mei kaniel en mem seach yn har glêzen bol folle earder noch as jim tinke sil ien fan jim siik wurde sa siik dat net ien har mear sjen mei en nimmen noch hoopje doart mar se wurdt better, se wurdt better en folle letter sil se trouwe yn in houlik fol fan leafde en ik sil fan har hâlde en letter as jim hier griis wurdt sil de loft noch faak berinne en jim sille eangst kenne, bang wêze en ek jim sille ferlieze mar just dan kenne jim my werom en ek dan noch sil ik foar jim bidde gean no mar sliepen, gean no mar sliepen it tongert net mear