Reboelje

Reboelje - it tongert net mear lyrics

Your rating:

yn in middelgrut doard hjir hiel fier fanôf
dêr wenne in widdofrou
se hie in kast fan in hûs mei wol tûzen keamers
en trije fammensbern
en yn dy nacht doe’t it o sa tongere
kamen se ien foar ien nei ûnderen
se dronken molke mei kaniel
en mem seach yn har glêzen bol

folle earder noch as jim tinke
sil ien fan jim siik wurde
sa siik dat net ien har mear sjen mei
en nimmen noch hoopje doart
mar se wurdt better, se wurdt better
en folle letter sil se trouwe
yn in houlik fol fan leafde
en ik sil fan har hâlde

en letter as jim hier griis wurdt
sil de loft noch faak berinne
en jim sille eangst kenne, bang wêze
en ek jim sille ferlieze
mar just dan kenne jim my werom
en ek dan noch sil ik foar jim bidde
gean no mar sliepen, gean no mar sliepen
it tongert net mear
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista

Details:

Released in: 1994

Language: Dutch

Appearing on: Medusa (1994)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found