Reboelje
Reboelje - ingelân songtekst
Je score:
okkerjiers yn in novimber nacht kaam in ingel oan ús bêd en wylst wy dreamden dat wy sliepten makke se ús wekker se hie in leaf gesicht ingeltsjehier en in knopke yn har ear se fleach by ús op bêd en sei mei emoasje yn har stim harkje nei my de hel is fergien it fjoer dat baarnt net mear en de duvel is dea satan is dea of hat sels nea bestien we seagen har oan en we fregen ús ôf is ’t wol wier wat sei dêr seit en we fielden oan har wjukken as se wol echt in ingel wie doe lei se alles út oer de eftergrûn fan de himel en de hel en doe’t se seach dat se ús oeremis makke helle se ús oan ik begryp it bêst sei se mei in sêfte heaze stim mar al wit eltsenien dat it fjoer net mear baarnt de wrâld feroaret nea net we krûpten har oan en we frijden mei har oant se hommels oerein kaam se sei fertel it mar net fierder it giet net ien wat oan der is ommers noch nea ien west dy’t leaude dat syn heit of mem of suske ivich baarne soe en wylst se dat sei moast se gûle triennen fan gelok harkje nei ús de hel is fergien it fjoer dat baarnt net mear en de duvel is dea satan is dea en dy hat sels nea bestien