Reboelje

Reboelje - ingelân lyrics

Your rating:

okkerjiers yn in novimber nacht
kaam in ingel oan ús bêd
en wylst wy dreamden dat wy sliepten
makke se ús wekker
se hie in leaf gesicht
ingeltsjehier
en in knopke yn har ear
se fleach by ús op bêd
en sei mei emoasje yn har stim
harkje nei my
de hel is fergien
it fjoer dat baarnt net mear
en de duvel is dea
satan is dea
of hat sels nea bestien
we seagen har oan
en we fregen ús ôf
is ’t wol wier wat sei dêr seit
en we fielden oan har wjukken
as se wol echt in ingel wie
doe lei se alles út
oer de eftergrûn
fan de himel en de hel
en doe’t se seach dat se ús oeremis makke
helle se ús oan
ik begryp it bêst
sei se mei in sêfte heaze stim
mar al wit eltsenien
dat it fjoer net mear baarnt
de wrâld feroaret nea net
we krûpten har oan
en we frijden mei har
oant se hommels oerein kaam
se sei fertel it mar net fierder
it giet net ien wat oan
der is ommers noch nea ien west dy’t leaude
dat syn heit of mem of suske
ivich baarne soe
en wylst se dat sei moast se gûle
triennen fan gelok
harkje nei ús
de hel is fergien
it fjoer dat baarnt net mear
en de duvel is dea
satan is dea
en dy hat sels nea bestien
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Marius de Boer

Composer: ?

Publisher: Not On Label (Reboelje Self-released)

Details:

Released in: 1989

Language: Dutch

Appearing on: Skepper Fan De Skepper (1989)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found