Reboelje

Reboelje - fertiisd en ferslein songtekst

Je score:

Fertiisd en ferslein waard ik stadich oan wer mysels,
mar noch hieltiten wie ik net ûnstjerlik
en fielde ik de pine fan it lijen
Ik run nei it ein fan ‘e gong
dêr’t in spegel hong en foar de leste kear soe ik
tsjinoer mysels stean, tsjinoer de wolf stean

Lang hienen wy inoar net sjoen
it like wol tûzen jier ferlyn
Hy seach der noch like min út as de leste kear,
meilijich seach er my oan
Mar ik wie âlder wurden
en hie it magysk teater belibbe
ik koe no dûnsje, frije, fjochtsje
en my fermeitsje as gjin oar

Mar ik hie myn nocht fan him
en ik spuide op ‘e spegel
en trape him oan diggels
en ik fielde oan myn knyft
Want der wie noch mear te dwaan
in kreas, bleek fanke wachte noch op my
en ik joech my nei de oare ein fan ‘e grilferljochte gong
en iepene de doar
en der leinen se te sliepen,
sy en myn freon, de muzykman
en net benaud en sûnder wifeling
stiek ik it knyft yn it waarme fleis en ik huvere....
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Not On Label (Reboelje Self-released)

Details:

Uitgegeven in: 1991

Taal: Nederlands

Komt voor op: Magysk Teater (1991)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden