Reboelje
Reboelje - fertiisd en ferslein lyrics
Your rating:
Fertiisd en ferslein waard ik stadich oan wer mysels, mar noch hieltiten wie ik net ûnstjerlik en fielde ik de pine fan it lijen Ik run nei it ein fan ‘e gong dêr’t in spegel hong en foar de leste kear soe ik tsjinoer mysels stean, tsjinoer de wolf stean Lang hienen wy inoar net sjoen it like wol tûzen jier ferlyn Hy seach der noch like min út as de leste kear, meilijich seach er my oan Mar ik wie âlder wurden en hie it magysk teater belibbe ik koe no dûnsje, frije, fjochtsje en my fermeitsje as gjin oar Mar ik hie myn nocht fan him en ik spuide op ‘e spegel en trape him oan diggels en ik fielde oan myn knyft Want der wie noch mear te dwaan in kreas, bleek fanke wachte noch op my en ik joech my nei de oare ein fan ‘e grilferljochte gong en iepene de doar en der leinen se te sliepen, sy en myn freon, de muzykman en net benaud en sûnder wifeling stiek ik it knyft yn it waarme fleis en ik huvere....